Wenje mei net op fillapark

23 okt 2007 - 20:07

Op fillapark De Wedze by Twizel mei ûnder gjin betingst wenne wurde. Der komme 44 fakânsjewenten op grutte kavels, mar dy meie net brûkt wurde foar permaninte bewenning.

Dy eask wurdt oplein oan de eksploitant fan De Wedze. De gemeente sil der op tasjen. It 18 hektare grutte terrein bliuwt tagonklik foar publyk. Der wurde kuier, fyts- en hynstepaden oanlein. Begjin novimber praat de gemeenteried oer it plan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)