Dominobou achter op skema

De Fryske dominobouwer Emiel oan it wurk yn WTC Expo
De stientsjebouwers yn it WTC Expo yn Ljouwert rinne efter op it skema. De bouwers moatte wol hiel hurd opsjitte foar de dominoday fan 16 novimber. Der steane no noch mar sa'n twa miljoen dominoblokjes oerein.
Oer in krappe moanne moatte soene dat der fjouwer en in heal miljoen wêze moatte. Der binne fierder strange feilichheidsmaatregels nommen yn it WTC Expo. Moskjes kinne de hal net mear ynfleane.