Miljeufreonlike wâl by kanaal

It Van Harinxmakanaal
It Van Harinxmakanaal krijt by Deinum in miljeufreonlikere wâlskant. Oer in 400 meter wurdt mei wylgehoutmatten en stiennen in skean oprinnende wâl oanlein. Dy wurdt beplante mei reid.
Foardiel fan sa'n wâl is dat er better golven brekt. Neidiel is dat skippen der net oan oanlizze kinne en dat de wâl mear romte freget as in gewoane beskoeiïng. Miljeufreonlike wâlskanten wurde faker oanlein yn Fryslân, mar net by kanalen.