'Elektryske sloep hat takomst'

Ien fan de elektryske sloepen
Fryske boatebouwers kinne de kommende jierren in grutte slach slaan yn Dútslân mei elektryske sloepen. Yn Noard-Dútslân is dêr in soad fraach nei, mar ek yn Frankryk is de merk groeiende. Al mei al soe it hast in ferdûbeling fan de hjoeddeiske merk yn Nederlân opsmite kinne. Dat is de ferwachting fan direkteur Waller fan it Aquaverium yn Grou.
It Aquaverium stiet mei in grutte stand op de beurs Boot Düsseldorf.