Sportclub moat jeugd stjoere

© Omrop Fryslân
Sportferienings hawwe in taak yn it stjoeren fan jongerein. Dat seit direkteur De Kroon fan Sport Fryslân. Guon jongeren libje net sûn en hawwe gjin ambysje. Sportferienings kinne dêr in alternatyf yn biede.
Sport Fryslân wie moandeitejûn yn Drachten oanwêzich op de jierlikse Fryske Sportmerk. Dat is in byienkomst foar sportclubs. De workshops giene dizze kear oer jeugd, benammen oer saken as jeugdwerving en ledebehâld.