Ferwûne wachtet lang op help

23 okt 2007 - 10:24

In 19-jierrige jonge út Stroobos hat moandeitemoarn betiid nei in ûngelok oeren yn syn auto sitten foardat er holpen waard. By Stynsgea wie er yn 'e berm rekke, in slach draaid en mei syn auto op in beam klapt.

De jongeman wie net bysteat en freegje om help. Pas nei oeren kamen de helptsjinsten en is it slachtoffer mei in stikkene kaak en oare ferwûnings oan 'e holle nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)