Toeristebelesting Skylge heger

22 okt 2007 - 22:59

De toeristebelesting op Skylge giet takom jier mei twa sint omheech nei 80 eurosint foar in nacht. Dat hat de gemeenteried moandeitejûn besluten. It foarstel om bern fan 4 oant 12 jier ek toeristebelesting betelje te litten op de earste dei hat it net helle. Dêrmei rint de gemeente 23.000 euro mis. In foarstel fan it CDA om de earste dei frij fan toeristebelesting te hâlden, helle it ek net. Dan soe der 250.000 euro minder ynkomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)