Jong Cambuur wint op 'e nij

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat moandeitejûn thús mei 2-0 wûn fan de nûmer lêst FC Omniworld út Almere.
De ploech fan Alfons Aarts wie oer de hiele wedstryd sjoen de bettere ploech. Yn de 21e minút kaam Cambuur op foarsprong troch in doelpunt fan René van der Weij nei in foarset fan Jurrick Juliana. Yn de 65e minút makke Juliana sels de 2-0. Troch de oerwinning bliuwt Cambuur mei boppeoan draaien.