Stop subsydzje Helptsjinst

22 okt 2007 - 19:05

De SOS Telefoanyske Helptsjinst yn Fryslân driget te ferdwinen. Dat seit direkteur Bert Huisman.

De organisaasje mei sa'n 45 frijwilligers krijt sa at it no stiet nei 2008 gjin subsydzje mear fan de provinsje. Ien fan de redenen soe wêze it tal tillefoantsjes dat de helptsjinst krijt te lyts wêze soe. De SOS komt yn aksje om de provinsjale polityk der fan te oerstûgjen dat it jild echt nedich is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)