Wrotmûs oantroffen by Snits
Op it eilân de Lytse Griene yn it Snitsermargebiet is it ôfrûne wykein in hiel bysûndere konsintraasje wrotmûzen fûn.
Mei help fan 200 fangkoaien op dit eilân en noch in oar eilân - de Grutte Griene - is it wykein socht nei dit bysûndere en hiel seldsume mûske. Yn totaal binne der 52 wrotmûzen oantroffen.