'Kapasiteitsprobleem oplosse'

© Omrop Fryslân
De provinsje fynt it ûnakseptabel dat Arriva yn de moarnsspits net genôch kapasiteit hat op trajekt fan Ljouwert nei Grins. De ferfierder advisearret om net yn de spits te reizgjen as dat net nedich is. Dan sit de trein fol.
Deputearre Adema wol dat Arriva it probleem op koarte termyn oplost, want dizze sitewaasje is ûnwinsklik. Hy sil ynkoarten prate mei Arriva-direkteur Hettinga oer de kapasiteitsproblemen op it spoar tusken Ljouwert en Grins.