Van Wijnen út race om nijbou

22 okt 2007 - 16:24

Boubedriuw Van Wijnen út De Gordyk lûkt him werom as gadingmakker foar de nij- en ferbou fan it provinsjehûs. It bedriuw hat gjin fertrouwen mear yn it projekt. Der is te min romte foar eigen ynbring. Ek binne de finansjele risiko's te grut.

De VVD-steatefraksje hat skriftlike fragen steld oan Deputearre Steaten oer de kwestje. De fraksje wol witte oft it provinsjebestjoer nochris nei de oanbesteging sjen sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)