Rekord bûtenlânske toeristen

22 okt 2007 - 12:01

Fryslân hat yn 2006 in rekordtal bûtenlânske toeristen lutsen. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Der ha 290.000 rekreanten yn de provinsje west. Dat is in pear tûzen mear as de jierren dêrfoar. Benammen minsken út België en Dútslân witte Fryslân te finen.

It tal oernachtingen fan Nederlanners yn Fryslân rûn ferline jier wol wat tebek. It buro Fryslân Marketing is dochs hiel tefreden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)