Nij dialysesintrum op It Fean

© Omrop Fryslân
Yn it dialysesintrum Súdhaghe op It Hearrenfean binne moandei de earste pasjinten dialyseard. It nije dialysesintrum stiet op it terrein fan sikehûs De Tjongerskâns en is in festiging fan it MCL. It Ljouwerter sikehûs komt mei it sintrum in soad pasjinten út Súd-Fryslân yn de mjitte. Dy hoege minder fier te reizgjen.
Nierpasjinten moatte yn trochsneed trije kear wyks spield wurde. Sa'n behanneling duorret fiif oeren.