Poli yn nij sintrum Lemmer

22 okt 2007 - 10:26

Sikehûs de Tjongerskâns sil in poliklinyk iepenje op De Lemmer. De ried fan bestjoer fan it sikehûs op It Hearrenfean hat dat besletten. De poli krijt in plakje yn in nij te bouwen sûnenssintrum op De Lemmer.

Yn dat sintrum komme ek húsdokters dy't pasjinten trochferwize kinne nei de poliklinyk. De kommende tiid sil besjoen wurde watfoar spesjalismen der yn de nije poliklinyk oanbean wurde sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)