Stroetinga/Ligthart twad by EK
Op it Europeesk kampioenskip baanhurdfytsen yn Alkmaar is Wim Stroetinga fan Aldeberkeap mei syn maat Pim Ligthart twadde wurden. Dat wie by de beloften.
Op it ûnderdiel koppelkoers oer fjirtich kilometer pakten sy it sulver efter de winners Marcel Kalz en Erik Mohs. Maxime Bally en Loic Perizzolo waarden tredde.