Aris wint fan Swolle
De basketballers fan Aris ha sneontejûn de earste oerwinning pakt yn dizze kompetysje. Yn Ljouwert waard mei 83-73 wûn fan Swolle. Trener André Roorda fûn it in terjochte oerwinning. Aris wie fanôf it begjin fan de wedstriid de bettere ploech.
Kommende tongersdei spilet Aris yn en tsjin Den Helder. Sneon komt de kampioen Eiffel Towers op besite.