Man rydt tsjin brêge Terherne

21 okt 2007 - 16:06

In autobestjoerder (41) út Kollum ried sneontejûn tsjin in brêge op de Buorren yn Terherne. Nei de oanriding gong de man nei in njonkenlizzend hûs en klage dêr oer dûzelichheid.

De plysje, dy't der ek bykaam, hat in ambulânse foar de man belle. De man is oerbrocht nei it sikehûs fan It Hearrenfean. Dêr waard in bloedproef ôfnaam. It die bliken dat de man riden hie wylst er in rydûntsizzing hie oant 2009. De auto wie ek net fersekere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)