Reboelje op Kaden Drachten

21 okt 2007 - 16:04

De plysje hat sneontejûn in pear kear optrede moatten op de Kaden yn Drachten. Twa ynwenners fan Drachten fan 20 en 23 jier waarden oanhâlden omdat se fytsen omsmieten.

In jonge fan 17 jier is oanhâlden fanwege misledigjende taal. De plysje skreau dy jûn tweintich bekeurings út foar ûnder mear wyldpisjen en iepenbiere dronkenskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)