Tredde slachtoffer strjitrôf

21 okt 2007 - 15:56

In tredde slachtoffer hat him melden yn in searje strjitrôven dy't tongersdeitejûn plakfûn yn Ljouwert. It giet om in 80-jierrige frou. Se melde har by de plysje nei't twa oare strjitrôven yn it nijs kamen.

De frou waard dy jûn op de Noardersingel bedrige troch twa manlju. Der is neat fan har stellen om't se neat by har hie. It sinjalemint fan de dieders komt oerien mei dy fan de twa oare berôvings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)