Bob de Vries wint yn Assen

21 okt 2007 - 14:10

Maratonreedrider Bob de Vries fan De Haule hat snein yn Assen de earste wedstriid foar de Essent-cup wûn. De Vries wûn nei hûndert rondes de einsprint foar Emiel Blauw. Joost Juffermans waard tredde.

Ferline wike wûn De Vries op It Hearrenfean yn Thialf de maraton om de KNSB-cup. Hy stiet no boppe-oan yn it klassemint fan de KNSB-cup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)