Koart atletyknijs

© Omrop Fryslân
Herman_Hofstee hat sneon op Skiermûntseach de Monnikenloop wûn. De 44-jierrige Drachtster rûn de 15 kilometer yn in tiid fan 52 minuten en 29 sekonden. Jacob_Vos út Bedum kaam 6 tellen letter as twadde oer de streek.
Junior Elmar_Ruiter fan Hurdegaryp hat sneon yn Oranjewâld de earste wedstriid fan it Hearrenfeanske rinsirkwy wûn. Yn in spannende finale kaam Ruiter nei 6,5 km as earste oer de streek. Jan_Jouke_Vos waard twad.