Ynspraak wetterkearingsmuorre

21 okt 2007 - 13:39

Ynwenners fan Harns meie sizze hoe't de nije wetterkearingsmuorre oan de Havenwei derút komt te sjen. De gemeente hat in proefopstelling makke oan dy Havenwei en dêryn binne trije soarten en kleuren stien ferwurke.

Op de webside fan de gemeente Harns kin elk fertelle hokker stiensoarte de bêste is. De muorre oan de Havenwei wurdt oer beide kanten 500 meter lang en trije-en-in-heale meter heech. Dêrfoar binne 200.000 stiennen nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)