Kramer rydt nij baanrekord

20 okt 2007 - 13:30

Sven Kramer fan Aldskoat hat freed op Thialf by in trainingswedstryd in nij baanrekord riden op de 3000 meter. Hy ried dy ôfstân yn 3.41.67. It âlde baanrekord stie ek op syn namme. Dat ried er hast in jier lyn yn 3.42.79.

Sels seit Kramer dat er noch net hielendal klear is foar it nije seizoen. Neffens trainer Kemkers falt dat wol ta, sjoen it nije baanrekord. Nije wike begjint it seizoen mei it NK ôfstannen op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)