Lytse talen mei tiid meigean

20 okt 2007 - 12:43

Lytse talen en kultueren yn Europa kinne better mei de tiid meigean as dat se harsels isolearje. Dat fine 70 jongeren út taalminderheidsgebieten yn 16 Europeeske lannen. Se binne fan 'e wike op in jongerekongres op Skylge.

Ideeën binne lobbye op Europeesk nivo, it brûken fan de lytse taal yn de nije media en it útwikseljen fan kennis tusken taalminderheden. De nije taalnota fan de provinsje Fryslân slút goed op de ideeën oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)