Eastmahorn krijt status doarp

it plak krijt nei alle gedachten in eigen postkoade
It plak Eastmahorn wurdt selsstannich. No is de Skâns, sa't Oostmahorn yn it Frysk hyt, in buertskip fan Eanjum. De gemeente Dongeradiel wol it doarp in eigen status jaan, mar TNT Post woe gjin postkoade beskikber stelle. Troch in nije ôfspraak mei TNT tinkt de gemeente dat dy postkoade der yn de takomst wol komt. It doarp krijt ek in eigen wapen en flagge.
Eastmahorn wie yn de 16e ieu in wichtich havenplak.