Boargemastersbôle yn Wommels

18 okt 2007 - 17:48

Boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel sil nije wike tongersdei by bakker Posthuma yn Wommels bôle bakke foar it goeie doel. De bakkerij bestiet fyftich jier en komt mei in spesjale boargemastersbôle.

Liemburg sil tegearre mei de bakker bepale wat der krekt yn de bôle komt.Hy wurdt freed en sneon ferkocht. It jild dat hjirmei ophelle wurdt, giet nei de spulwike Wommels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)