Fierljepfans op it wetter

18 okt 2007 - 17:44

De fierljepklub yn Burgum wol op it Nederlânsk Kampioenskip besykje de supporters op it wetter stean te litten. Efter de akkommodaasje leit in stik wetter en dêr wol it bestjoer pontons oplizze, sadat de taskôgers mear romte krije.

De feriening sil it takom jier de akkommodaasje ferbouwe. Sa moat der in nij materiaalhok komme en moat it sânbêd breder wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)