Wurknimmers Cordis ferslein

18 okt 2007 - 15:59

It personiel fan Cordis yn Roden hat ferslein reagearre op it nijs dat it kateterfabryk takom jier desimber tichtgiet. Under de 800 wurknimmers binne ek 200 Friezen. By it bedriuw wurkje in soad echtpearen. Dy wurde dus dûbel troffen.

It Amerikaanse memmebedriuw Johnson & Johnson, de fakbûnen en de ûndernimmingsried fan Cordis sille om de tafel om te praten oer hoe't it fierder moat mei it bedriuw yn Roden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)