Skiedsrjochter stiet swak

© Omrop Fryslân
Skiedsrjochter Kuik liket net sterk te stean yn de saak dy't hy oanspand hat tsjin in spiler fan fuotbalferiening Stânfries. Kuik die oanjefte omdat de spiler him 'de kanker' tawinske by de wedstryd Tynaarlo - Stânfries.
Kuik basearre syn oanjefte ûnder oare op in ferklearring fan in KNVB- waarnimmer. Mar út in brief fan it fuotbalbûn oan Stânfries docht bliken dat der net in waarnimmer by de wedstryd west hat.