Brânfertochte langer fêst

© Omrop Fryslân
De man (20) dy't fertocht wurdt fan brânstifting yn in wenhûs yn Wikel bliuwt nochris tritich dagen langer fêstsitten. De fertochte waard begjin septimber oanhâlden, mar it ûndersyk nei de brânstifting is noch net klear.
Yn febrewaris waard de man út Sondel ek alris oppakt, op fertinking fan in tal oare brânstiftingen. Doe waard er frijlitten omdat der te min bewiis tsjin him wie.