Hynders net mear wolkom

Dit soarte taferielen wol it Fryske Gea nea wer
De hynders fan boer Lootsma meie takom jier net mear op it Noarderleech by Marrum stean. Eigner it Fryske Gea fan it natuergebiet seit it pachtkontrakt mei Lootsma op. Dy soe him net oan de ôfspraken hâlde.
Sa soe Lootsma syn hynders net foar 15 oktober fan it Noarderleech helje wollen ha. It Fryske Gea rekkent him dat swier oan. Lootsma sels seit neat fan it beslút ôf te witten.