Mûne Achlum hat nije kap

De mûne by Achlum hat nei dik fyftich jier wer in kap mei wjukken. In kraan hat de nije kap tongersdei op de noch besteande romp set. De mûne wie lang eigendom fan NOS-korrespondint Haye Thomas. Dy wenne yn it hûs dernjonken.
Op oantrunen fan Thomas kaam de restauraasje fan de grûn. De opknapbeurt wurdt betelle troch de provinsje, it Ryk en ferskate fûnsen. As de mûne klear is, kin er brûkt wurde om wetter fuort te meallen.