Mariusz spilet yn foarprogram

© Omrop Fryslân
Ex-Reboelje frontman Mariusz stiet yn it foarprogramma fan de ferneamde Britse band Barclay James Harvest. Dy komt op 29 novimber nei popseal De Kade yn Zaandam. Mariusz sil yn it foarprogramma syn solo-album 'Wat west hat wie' promoatsje.
Barclay James Harvest wie benammen yn de jierren santich en tachtich hiel suksesfol. Yn Ingelân skoarde de band twa grutte hits mei 'Mockingbird' en 'Titles'.