Parkearromte EK net brûkt

It EK luts in soad publyk, mar dat hie net te min parkearromte
De ekstra parkearromte by it EK fuotbal ûnder de 21 hat de gemeente Hearrenfean 35.000 euro mear koste as pland wie. De kosten hiene net nedich west, omdat de measte parkearplakken it hiele toernoai net brûkt binne.
Dat hat bliken dien út de evaluaasje fan it fuotbalevenemint. Fierder is de gemeente goed te sprekken oer it fuotbaltoernoai. It Hearrenfean is op de kaart set en de gearwurking mei alle partijen wie goed.