Ynbraken Wolvegea oplost

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan acht jongeren tusken de 15 en 18 jier hat de plysje mear as tweintich ynbraken oplost. De fertochten wiene tusken april en oktober aktyf yn Wolvegea en omkriten. Se brutsen foaral yn by bedriuwen. De fertochten wiene út op jild, drank en apparatuer.
De plysje koe de acht oanhâlde nei spoare-ûndersyk. Twa fertochten sitte noch fêst. De plysje slút mear oanhâldings net út.