Evaluaasje geweld yn Ljouwert

26 mrt 2012 - 12:22

De gemeente Ljouwert sil tiisdei it útgeansgeweld fan ôfrûne wykein evaluearje. As de kroegen dêr't it geweld plakfûn wat te ferwiten is, krije se mooglik in earste warskôging fan de gemeente. By in twadde warskôging wurdt de kroech foar in tiid sluten. De gemeente is twa jier lyn mei dat belied úteinset en yntusken hawwe der trije kroegen in skoft ticht west.

By it geweld fan ôfrûne wykein kearden sa'n 40 minsken har tsjin de plysje. Dêrby waarden ek plysjeminsken slein en skopt.

Fraksjefoarsitter Jeffrey Brakenhoff fan de SP yn Ljouwert wie dit wykein krekt mei de plysje mei om te sjen hoe't it deroan ta gie. It geweld hat in protte yndruk op him makke en hy sil no sjen oft der maatregels naam wurde kinne om de feiligens te ferbetterjen.

Trefwurden: 
evaluaasje útgeansgeweld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)