Wite flier is wennen

18 okt 2007 - 06:17

De wite flier dêr't de hynders op rinne by Indoor Friesland yn Ljouwert falt noch wat ôf. De nije flier is wol moai, mar de hynders moatte noch wenne oan de kleur.

Op de earste dei fan Indoor woansdei wiene allinnich lanlike wedstriden. Sneontejûn is de Grutte Priis dy't streekrjocht útstjoerd wurdt op Omrop Fryslân tillevyzje. De iennichste Fries dy't dêr oan meidocht is Nathalie van der Mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)