Spookrider tsjinholden

17 okt 2007 - 17:28

In alerte plysjeman hat woansdei op de grutte dyk tusken De Jouwer en Snits in spookrider oan de kant set. De man siet sels ek yn de auto en seach de spookrider op de oare baan.

Hy sette syn eigen auto fuortendaliks op de flechtstrook, gie oer de fangrail yn de middenberm nei de oare kant fan de dyk en koe de bestjoerder doe mei hângebaren warskôgje. Dy sette doe syn auto ek oan de kant. De spookrider sels is tige skrokken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)