Soarchwenten yn Sint Nyk

© Omrop Fryslân
Sint Nyk krijt der goed 35 nije soarchwenten by. De nije wenten komme op it plak fan it eardere suvelfabryk De Takomst. Der is jierren praten oer in nije bestimming foar it terrein, mar oant no ta koene de ferskate partijen der net út komme.
It doarp woe graach wentebou, mar der wie ek ynteresse foar yndustry. Yn it nije plan is in kombinaasje makke. Neist de wenten is der ek romte foar lichte yndustry.