Nije sporthal op De Jouwer

17 okt 2007 - 16:51

De Jouwer krijt in folslein nije sporthal. De sporthal fan goed 2000 kante meter komt oan de Julianalaan der't ek de nije brede skoalle boud wurdt.

De gemeente hat yn de ôfrûne moannen ûndersyk dwaan litten nei de bêste lokaasje en hat mei tal fan organisaasjes om 'e tafel sitten. De nije sporthal moat goed 3,6 miljoen euro kostje en ferfangt de hjoeddeiske sporthal De Stuit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)