Nije pinebestriding befallings

© Omrop Fryslân
Froulju dy't befalle yn it Dokkumer sikehûs De Sionsberg kinne tenei gebrûk meitsje fan in nije foarm fan pinebestriding. It medisyn wurdt ynbrocht fia in ynfuus dy't de froulju sels betsjinje kinne.
Sa kinne se sels bepale hoe grut de dosis is dy't se binnenkrije. De nije foarm wurdt allinich oanbean oan froulju dy't ûnder begelieding fan in gynaecolooch befalle.