Kamping Amelân mei útwreidzje

© Omrop Fryslân
Kamping Roosdúnen by Ballum op Amelân mei útwreidzje mei kampear- en parkearplakken. De Raad van State hat beswieren fan omwenjenden hjir tsjin ôfwiisd. In groep eigners fan rekreaasjewenten is benaud dat se fanút har húskes sicht krije op de nije parkear- en kampingplakken.
De Raad van State hat de beswieren ôfwiisd, ûnder mear om't de kampingplakken net it hiele jier beset binne.