Fytsedief fûn op ynternet

© Omrop Fryslân
In plysjeman hat tiisdei op orizjinele wize in fytsedief oanhâlden. De dief, in 16-jierrige Ljouwerter, hie moandei in fyts stellen by in sportskoalle yn 'e stêd. De fyts wie fan de frou fan de plysjeman. Dy seach de fyts letter te keap stean op ynternet.
De agint makke fuortendaliks in ôfspraak mei de ferkeaper by in tankstasjon oan de Harnserstrjitwei. Doe't de jonge dêr kaam foar de ferkeap, hold de plysjeman him oan.