Nij ljochtplan Hearrenfean

Hearrenfean wol mear lampepeallen op sinne-enerzjy rinne litte
It bûtengebiet by Hearrenfean krijt in folslein nij ljochtplan. It giet om ferljochting op sinne-enerzjy foar de fyts- en kuierpaden en om reflektearjende peallen op autodiken.
De nije ferljochting is earst in proef en wurdt hâlden bûten de beboude kom fan Ketlik, Mildaam, De Knipe, Bontebok en Alde- en Nijehoarne. De ljochten kostje folle minder as gewoane lampepeallen en binne better foar it miljeu.