Kustbehear Waadeilannen top

It strân fan Skylge
De Waadeilannen binne better bestand tsjin stoarm en heeg wetter troch it dynamysk kustbehear. Dat is de konklúzje fan dúnûndersiker Bas Arens. Hy hat yn opdracht fan it Provinsjaal Oerlisorgaan Kust it kustbehear op de Fryske Waadeilannen ûndersocht.
By dizze foarm fan behear wurdt der sân fan de see út oerbrocht nei it strân. Dêrtroch wurde de dunen sterker en wurdt it lanskip moaier makke.