Marechaussee krijt nije boat
De Keninklike Marechausse krijt in 35 meter lange nije boat foar opspoaringswurk op it Waad. It skip komt yn Harns te lizzen.
Mei de nije boat kinne patrouilles fierder de Noardsee op en ek om de Waadeilannen kontrôles hinne útfiere. It nije skip wurdt begjin takommend jier yn gebrûk naam.