Superkoar tsjin earmoed

Jildou Talman fan Parnas regisseart de Fryske sjongers
Minsken oer de hiele wrâld ferheffe woansdei harren stim tsjin de earmoed troch it sjongen fan it Poverty Requiem. Yn Fryslân bart dat yn it Abe Lenstrastadion op it Hearrenfean. 17 oktober is Wereld Armoede Dag.
De ynternasjonale organisaasje efter it Earmoede Requiem wol omtinken freegje foar de milennium ôfspraken dy't wrâldlieders yn 2000 meimekoar makken om de earmoede te bestriiden.