Site foar skieden froulju

Ellen van Bon en Gerry Postma
Twa Fryske froulju wolle mei har ynternetside 'Indipenda' in paadwizer wêze foar skieden froulju. Ellen van Bon en Gerry Postma út Ljouwert hawwe sels in skieding meimakke en sette har kennis yn sadat oare froulju net alles wer op 'e nij hoege út te sykjen.
Op de webside wurdt omtinken jûn oan alle saken dy't je tsjin komme nei in skieding. De persoanlike mar ek de finansjele kanten komme oan bod. Yn jannewaris giet de site de loft yn.