Trije tsjinsten yn nij buro

16 okt 2007 - 17:10

Yn Harns sitte sûnt tiisdei trije plysjetsjinsten by inoar ûnder ien dak yn it hielendal fernijde plysjeburo. De KLPD te wetter en de marechaussee hawwe plak fûn by de plysjes op it buro oan de Kimswerderwei.

It is foar it earst dat sokke ferskillende tsjinsten by inoar komme te sitten. Dat hat grutte foardielen. De trije ferskate organisaasjes kinne sa effisjenter wurkje en makliker oerlizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)